SimmerTime 15 lietsjes út it Frysk Muzykteater

8 Paradys by it dashboardljocht 8:28 Jim Steinman / Sytse Broersma / Syb van der Ploeg / Peter van der Ploeg / Kees Bode / Nico Outhuijse

Opnommen: 14 & 15 juni 2000, live @Ed, yn Langwar
Produksje: de Kast
Opname: Michiel Hoogenboezem
Mix: Michiel Hoogenboezem & de Kast
Mastering: Wisseloord Studios, René Schardt

Label ProActs Cat.No. procd2010 Format CD Year 2000 Country NL

De Kast & Maaike Schuurman — Paradys by it dashboardljocht

Syb: O ik wit it noch mar al te goed, krekt as barde alles justerjûn
We perkearden by de mar en fierder wie gjin ien dêrby
En ik hie noch nea in faam, nea sa'n moaie faam asto wiest
En alle maten u’t ‘e klasse wiene fêst jaloers op my

En no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif is sa frjemd foar my
En we gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai

Maaike & Syb: Al is ‘t kâld en iensum wêr ‘t de leafd’ ús brocht
‘t Is in wier paradys by it dashbardljocht

Syb & Maaike: Ik wit net hoe ‘k it hie, wêr hie ‘k myn gat yn draaid
We wiene amper sawntjin jier, we wiene amper klaaid
Ik wit net wat der barde en da ‘k al dy dingen samar doarde
Ik wit net hoe ‘k it hie, wêr hie ‘k myn gat yn draaid
We wiene amper sawntjin jier, we wiene amper klaaid

Syb: Leave, hearst myn hert net slaan of is ‘t it ritme fan de radio
O wat ha ‘k hjir lang op wachte, leave ‘k bin sa gek op dy
En ik sil dy wol fertelle, krijst der neffens my gjin spyt fan
Hjir sil w'in grap fan ha, dus slút dyn eagen mar
It falt dy alles ta, dit makkest never nea wer mei

En no fiel ik dy waarme gleone hûd fan dy
En dat gefoel yn myn liif is sa frjemd foar my
En we gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
Gloeie as it izer by in smid yn it fjoer
No kom op, hâld dy taai, hé kom op, hâld dy taai

Maaike & Syb: Al is ‘t kâld en iensum wêr‘t de leafd' ús brocht
‘t Is in wier paradys by it dashbardljocht
Al is ‘t kâld en tsjuster wêr‘t de leafd' ús brocht
Paradys by it dashbardljocht

Syb & Maaike: Doch no mar goed dyn best, en ús Memmy Natoer docht de rest
Ik wit net ast it wist: hjir haw’ ús gat yn draaid
We wiene amper sawntjin jier, we wiene amper (klaaid)
We gean der tsjinoan de hiele jûn ja we gean der tsjinoan want jûn is de jûn

Sportferslach

Maaike: STOP DER MEI, IK WOL IT WITTE NO
Foardat wy fierder geane, silst my leaf ha?
Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich?
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou

Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich

Syb: Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou ik dy it antwurd yn ‘e moarntiid
Ak de sliep út ha, dan jou ik dy it antwurd yn ‘e moarntiid
Ak de sliep út ha, dan jou ik dy it antwurd yn ‘e moarntiid

Maaike: Ik wol it witte no: silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich
Silst my nea ferlitte, makkest do my gelokkich, toe fertel it my gau
Nimst my mei wêrsto giest en wurd ik letter dyn frou
Ik wol it witte no; foardat wy fierder geane: silst my leaf ha
Silst my leaf ha foar ivich

Wat wurdt it jonkje, kom op, ik ha ‘t de hiele nacht oan tiid, hjer
Wat wurdt it jonkje, ja of nee
Wat wurdt it jonkje, JA OF NEE

Syb: Ak de sliep út ha, leave leave, ak de sliep út ha
Ak de sliep út ha, dan jou ik dy it antwurd yn ‘e moarntiid

Maaike: Ik wol it witte no: silst my leaf ha
Syb: Ak de sliep út ha

Maaike:Silst my leaf ha foar ivich, hast my nedich
Syb:Leave leave
Maaike:Silst my nea ferlitte
Syb:Ak de sliep út ha
Maaike:Makkest do my gelokkich
Syb:Ak de sliep út ha
Maaike:Toe fertel it my gau
Syb:Dan jou ik dy it ant—
Maaike:Nimst my mei wêrsto giest
Syb:Wurd, dan jou ik dy it antwurd
Maaike:En wurd ik letter dyn frou
Syb:Yn ‘e moarntiid
Maaike:Ik moat it witte no: foardat wy fierder geane
Syb:Ik jou dy it antwurd
Maaike:Silst my leaf ha, silst my leaf ha foar ivich
Syb:Yn ‘e moarntiid

Syb:Ak de sliep út ha
Maaike:Silst my leaf ha foar ivich
Syb:Ak de sliep út ha
Maaike: Silst my leaf ha foar ivich

Syb: O it wie net mear te hlâden, WOW sa is ‘t gien
En mei dit mantsje út ‘e Wâlden wie it samar dien
Ik begûn te swarren by hast alles wat my dierber wie
Ik soe dy leaf ha oan ‘t de ein fan ‘e tiid, echt wier
Ik soe dy leaf ha oan ‘t de ein fan ‘e tiid

No sil ik bidde dat de ein fan ‘e tiid
Mar hiel gau komme mei
Want ak hjir noch langer as in tel by dy bin
Nee dan gean ‘k hjir folle leaver noch wei
Ik sil myn wurd wol hâlde en myn plicht wol dwaan
Mar de himel allinich kin my antwurd jaan
Bidde foar de ein fan ‘e tiid dat dy mar komme mei (mei mei)
Bidde foar de ein fan ‘e tiid, wêr is de ein fan myn tiid mei dy

It wie lang ferlyn en it wie sa foarby
Mar it wie hiel wat better as hjoed de dei …
[dizze twa rigels werhelje]

Maaike: Et it wie nae sa goed en it kin nae wer oer
Mar ja we gloeiden as it izer by in smid yn it fjoer …
[troch Syb hinne]

Muzyk: J. Steinman. Oorspronkelijke tekst: J. Steinman. Tekstbewurking: S. Broersma, S. van der Ploeg, P. van der Ploeg, K. Bode, N. Outhuijse. Útjouwer: Intersong Basart Publishing Group.